Heechoplieden Friezen ferlitte de provinsje

Al 90 jaar komt 'studearjend' Friesland bij Bernlef! Bij Bernlef vind je de gezelligheid van ´it Heitelân´ en andere aspecten van het studentenleven die je niet wilt missen. Ga mee op wintersport, naar het gala of word lid van een commissie en organiseer deze activiteiten zelf!
Bij Bernlef is de voertaal Fries. Zo ook de rest van deze website. Echter, versta je Fries of sta je open voor de Friese taal en cultuur? Dan bist fan herte wolkom by ús op de kroech. By Bernlef kin alles, mar hoecht neat! Tsjoch!

KEI-Program

Lykas elts jier hat Bernlef wer in prachtich program foar de KEI-Wike.

Moandei

11 augustus

10.00
Ynfomerke (Vismarkt)
14.00
Libbensgrutte Stef Stuntpiloat & Spikerslaan
19.30
Plate service (opjefte: 0642078575)
21.00
Libbensgrutte Stef & Spikerslaan

Tiisdei

12 augustus

14.00
Gratis Fryske lunch
15.00
Barklúnkampioenskip
19.00
KEI-parade (Troch de stêd)
22.00
Liveoptreden: De Hûnekop

Woansdei

13 augustus

14.00
Gratis Fryske lunch
14.00
Open Air Festival (Sted)
19.30
Plate service (opjefte: 0642078575)
22.00
Liveoptreden: Band Beware

Tongersdei

14 augustus

14.00
Gratis Fryske lunch
16.00
Bearenburchpriuwerij mei Weduwe Joustra
18.30
Plateservice (opjefte: 0642078575)
22:00
Temafeest generaaszje KEI:
Bernlef´s Bernefeestje

Freed

15 augustus

14.00
Gratis Fryske lunch
14.00
Chillmiddei mei muzyk
19.30
Plate service (opjefte: 0642078575)
22.00
Einfeest
08.00
Afterparty

Woansdei: Coverband Beware!!

Scheiding Bernlef

FFJ Bernlef

Feriening Foar Fryske Jongerein Bernlef

Tuinstraat 22, 9711 VD Grins

Moandei 11 augustus begjint de KEI-wike 2014. De KEI-wike is de algemiene yntroduksjewike foar alle oankommende foarstejiersstudinten yn Grins en it perfekte momint om mei de stêd Grins en har brûzende studintenlibben yn 'e kunde te kommen. Fansels iepent ek Bernlef dizze wike har doarren en binne alle KEI-rinners wolkom ek ris op ús smûke soas del te kommen! Op dizze spesjale KEI-side kinst allegearre ynformaasje fine oer Bernlef en oer ús program tidens de KEI-wike.

Bernlef is in lytse, gesellige feriening wêr´t de fiertaal it Frysk is! It is in plak mei leuke minsken, Friezen en oar folk, dy´t allegear toffe aktiviteiten ha, mei syn allen op kamp geane of jûns efkes in bierke mei-elkoar dogge. Atsto lid wurdst by ús hearst der gelyk by, binne der gjin ferplichtings en hoechst gjin ûntgriening te dwaan! Moai no? Fierder hâlde wy krekt as dy wol fan in mâl feestje en dêr stiet Bernlef ek om bekend: der binne mar in pear Bernleffers nedich om de boel op syn kop te setten! Wolris fan barklunen heard? Dat moatst in kear meimeitsje! Elkenien is wolkom om in kear del te kommen, dus nim al dyn freonen mei nei ús soas foar in fantastyske jûn. By Bernlef is ús neat te gek! - Daan (âld skriuwer)

Bist mei it lêzen fan dizze side nijsgjirrich wurden en wolst ris op ús sosjeteit sjen? Kom dan foaral del tusken 11 en 15 augustus!

Bernlef boppe!!

Scheiding Bernlef Titel fan in troch de yn Fryslân wrâldferneamde trûbadoer Piter Wilkens skreaune ferske ta ús 17e lustrum

Foto's fan 'e keiwike


D'r binne noch gjin foto's beskikbaar, besykje it letter noch ris.

De taap hâldt gjin skoft

Scheiding Bernlef By Bernlef kinst altyd terjochte foar in kâld pilske!

De Pizel, us kroech!

De Pizel is it soasgebou fan F.F.J. Bernlef.

Pizel betsjut sokssawat as: 'de keuken, dêr't gasten ûntfongen waarden', of 'ferwaarme keamer', en smûk is it der seker. De Pizel is dan ek al 41 jier it plak dêr't de leden gearkomme en wy binne fansels tige wiis mei it pân.

Generaasjes Bernleffers hawwe der yn rûnstapt sûnt it yn 1972 iepene waard, dy generaasjes hawwe meastentiids ek wat mei it gebou ompankoeke en der guod yn efterlitten. Ferve wurdt der alle jierren wol yn útsmard, en in ferbouwing, lyts of grut, komt om de safolle jierren ek efkes lâns. De slopers en arsjitekten ûnder de leden fine it dan ek moai om sa no en dan wylde plannen nei foaren te bringen en somtiden is elk gek genôch om it noch út te fieren ek. Sa hat it gebou ferskillende uterliken hân en is it binnenyn ek faak feroare. Mar nei de grutte ynterne ferbouwing yn de simmer fan 2006, is elk tige tefreden mei wat der stiet.

Boppe de kroech sit it bestjoershok dêr't it bestjoer húsmannet en dêr't kommisjes gearkomme of oar wurk dwaan kinne. Hielendal boppe de soas sitte noch 2 keamers dy't oan Bernlef-leden ferhierd wurde. Under it pân sit in grutte kelder.

De pizel is te finen yn 'e Tuinstraat op nûmer 22, klik hjir foar in rûtebeskriuwing fanôf de Grutte Merk.

Weduwe Joustra beerenburg

Scheiding Bernlef De KEI-wike by Bernlef wurdt mea mooglik makke troch Weduwe Joustra

Wêrom Bernlef

Lid wurde fan Bernlef soe wol ris de bêste kar út dyn libben wêze kinne!

Bernlef, folút Feriening Foar Fryske Jongerein Bernlef, waard oprjochten in 1925 as in Studinteselskip foar Fryske Stúdzje, mei as doel it behâld en it befoarderjen fan it Frysk eigene ûnder de Fryske studinten yn Grins. 88 jier letter is Bernlef útgroeid ta in meer algemiene studinteferiening wêr't it boppe-al draait om geselligens mar wêr't it Frysk ús noch altyd mei inoar bynt. Bernlef is net eksklusyf foar studinten út Fryslân mar foar eltsenien dy't iepen stiet foar it Frysk en de Fryske kultuer. Troch de bysûndere doelgroep fan Berlef kent Bernlef in grut ferskaat oan minsken, it is it Frysk en net perfoarst mienskippele ynteresse dy't us bine en dy't meitsje datst op Bernlef in dwerstrochsnee van de gehiele Grinzer studintenmienskip fine kinst.

Yn tsjinstelling ta wat fan de measte studinteferienings tocht wurdt, kent Bernlef gjin saneamde 'ûntgriening'. Atst lid wurdst by Bernlef bist direkst oan eltsenien gelyk en jilde der gjin fremde ferplichtings. Dat betsjut fansels net dat der neat ûndernommen wurdt! Sa as by alle studinteferienings is Bernlef it leukst atst aktyf wurdst binnen de feriening en dêr biedet Bernlef in protte mooglikheden ta, sa kinst lid wurde fan kommisjes dy't aktiviteiten organisearje sa as dizze KEI-wike, iepen dagen, kampen, kongressen, sport ensaf. Ek kinst mei oare Bernleffers rûnten oprjochtsje rûn mienskippelike ynteresses dy't rinne kinne fan racefytse oant bitterballen. Troch aktyf te wurden learst gau in protte minsken kinne en dochst ûnderfiningen op dy't gjin skoalle dy leare kin!

Us sosjeteit 'de Pizel' is normaal sprutsen trije kear yn de wike iepen. Omdat Bernlef in lytse feriening is kint eltsenien elkoar en silst atst op in kâlde winterdei nei de soas giest altyd in waarm wolkom ûntfange. Op 'e soas fine in grut ferskaat oan aktiviteiten plak, fan smûk oan de bar hingje oant feesten dy't pas ophâlde at de rest fan de stêd alwer lang oan it wurk is. Wêrby it yn 'e KEI-wike sil it fansels om it lêste type gean sil.

Spikerslaan

Scheiding Bernlef Elts jier fynt 't wrâldkampioenskip spikerslaan plak by Bernlef Yn 'e KEI-wike op it Open Air Festival (13 augustus) kinst alfêst efkes oefenje!

Lid wurde by Bernlef

Lid wurde by Bernlef kin altyd.

Lid wurde by Bernlef kin yn de KEI-wike fan 11 oant en mei 15 augustus 2014. Kinst dy ynskriuwe ast studearjen giest, mar ek ast al studearrest yn Grins. Hoechst dus net perfoarst earstejiers te wêzen of KEI-rinner te wêzen om lid te wurden.

Fierder is Bernlef in feriening foar Fryske jongerein, mar hoechst ek net beslist hiel Frysksinnich of Frysk te wezen om lid te wurden. It iennichste ding dat fan dy ferwachte wurdt, is datst dy posityf opstelst tsjinoer it Frysk en de Fryske aard en kultuer. Ast gjin Frysk prate kinst, kinne wy dy sels in kursus Frysk foar net-Frysktaligen oanbiede!

Yn de KEI-wike binne we fansels alle dagen iepen en kinst dy altiten ynskriuwe. Freegje oan de bar om in ynskriuwformulier, folje dyn gegevens yn en dan bist kandidaatlid. Dêrnei wurdst ynaugurearre op kamp of op stêdsynauguraasje en bist folweardich lid.

Ast dy ynskriuwst foar sneon 16 augustus 12:00 oere kinst direkt mei op septimberkamp yn it wykein fan 22, 23 en 24 septimber naar Skiermûntseach. Yn dit wykein sille alle kandidaatleden ynaugurearre wurde en fine der ferskate leuke aktiviteiten plak dy't yn it teken stean fan yntegraasje fan de nije leden. Gean mei en lear Bernlef kennen!

Wêrom Bernlef?

  • Bernlef hat gjin ûntgriening en elkenien is lykweardich
  • Bernlef kent gjin ferplichtings en is dêrom goed te kombinearjen mei de stúdzje
  • Alle wiken wurde de moaiste feesten en aktiviteiten organisearre
  • Meitsje freonen foar it libben
  • Boppe-al: wês fersekere fan in geweldige studintetiid yn Grins!
Grolsch
F.F.J. Bernlef wurdt stipe troch Grolsch Kom del foar in lekker Grolsch pilske fan 'e taap yn de KEI-wike!

Kontakt

Fia ûndersteand formulier kinst kontakt opnimme mei Bernlef, fansels kinst ek altyd ien yn 'e soasjeteit oansjitte.

F.F.J. Bernlef
Tuinstraat 22
9711 VD Grins
Soas: 050 - 312 11 47
bestjoer@bernlef.com